Gearwurking Caparis en Omrin

11 apr 2012 - 21:04
  • Caparis yn Drachten

Offalferwurker Omrin en sosjale wurkfoarsjenning Caparis hawwe in oerienkomst sletten foar duorsume gearwurking foar de kommende jierren. Omrin sil tenei de ôffalferwurking foar Caparis fersoargje en set dêrfoar minsken fan Caparis yn. De meiwurkers kinne by Omrin oan de slach by ûnder oare de ûnkrûdbestriding, sjauffeurswurk en skjinmakwurksumheden.

Mei de gearwurking wol Omrin sjen litte dat se it belangryk fynt om minsken dy't dreech wurk fine kinne dochs oan it wurk te helpen. Foar Caparis is it belangryk dat syn ôffal op in duorsume wize ynsammele en ferwurke wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)