Gearwurking brânwacht, skoalle

14 jul 2010 - 14:29

De Maritime Akademy en de brânwacht fan Harns sille yn 'e takomst gearwurkje. Woansdei waard hjirfoar in oerienkomst ûndertekene. De basis fan de gearwurking is de nije oefenplaat fan de brânwacht. Op de oefenplaat kinne learlingen needsituaasjes op in skip oefenje.

Yn ferskate seekontainers binne situaasjes lykas dy op in skip neimakke. Sa kinne de learlingen leare wat se dwaan moatte as der ris brân útbrekt op harren skip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)