'Gearwurking bliuwt wichtich'

02 feb 2014 - 12:46
  • In lytse skoalle

Lytse skoallen moatte foaral trochgean mei it sykjen fan gearwurking. Dat seit Geert Heerschop fan de oerkoepeljende organisaasje foar kristlike basisskoallen CBO. Freedtejûn waard bekend dat lytse skoallen dochs harren subsydzje behâlde. Steatssekretaris Dekker hie plannen om it ekstra jild linkelytsen ôf te bouwen, mar it kabinet fluite him werom.

Heerschop fynt dat der foar skoallen mei 25 oant 35 learlingen eins gjin takomst mear is. De skoalbestjoeren moatte sels yn aksje komme, is er fan betinken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)