Geart de Vries ferlit de omrop

03 nov 2008 - 09:57
  • Geart de Vries

Geart de Vries (52) wurdt mei yngong fan febrewaris takom jier sektormanager ynformaasjebehear by de gemeente Ljouwert. As ûnderdiel fan dy funksje sil De Vries, dy't histoarikus is, ûnder oare lieding jaan oan it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

Geart de Vries is no einredakteur fan de ôfdieling dokumintêres en skoalletelevyzje en skoalradio by Omrop Fryslân. Ek makke hy sels in soad dokumintêres oer útienrinnende ûnderwerpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)