Geart Benedictus no ta oan seleksje kolleezjepartijen

27 mrt 2015 - 15:11
  • De Rouwe en Benedictus yn de parseromte fan it provinsjehûs

Ynformateur Geart Benedictus bûcht him de kommende dagen oer hokker partijen it nije provinsjebestjoer foarmje sille. Benedictus hat de ôfrûne wike praat mei alle partijen dy't yn provinsjale steaten keazen binne. De útkomsten dêrfan set er no earst op in rychje en dan besjocht er wat de meast logyske kombinaasje fan partijen is foar it nije kolleezje fan deputearre steaten.

It CDA waard by de ferkiezings foar provinsjale steaten de grutste partij. Der binne noch trije oare partijen nedich om in mearderheid te berikken.

Hjirfoar komme - getalsmjittich - ferskate partijen yn de beneaming lykas Pvda, VVD, SP, FNP, PVV, D66 en ChristenUnie. De Partij voor de Dieren, 50+ en GrienLinks hawwe yn har earste petear mei ynformateur Geart Benedictus oanjûn it net realistysk te finen dat se fierder meidogge yn de koälysje-ûnderhannelings. Benedictus praat de kommende wike fierder mei de oerbleane partijen. Neffens Benedictus ferrinne dy petearen binne 'iepen'en konstruktyf',
Benedictus hat de opdracht krigen om mei ien foardracht te kommen foar in kombinaasje fan partijen, dy't rekkenje kin op in breed draachflak yn provinsjale steaten.

bron

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)