Gearkomste om jeugd Boelensloane

19 mrt 2004 - 00:00

Fernielings, yntimidaasje en lûde muzyk. De jongeren dy't omhingje by it doarpshûs yn Boelensloane meitsje har der al tiden skuldich oan. Op in gearkomste fan Doarpsbelang tongersdei rôpen de plysje en boargemaster Lyklema fan Achtkarspelen de befolking op om mei nammen te kommen.

Dat doare de ynwenners fan Boelensloane eins net, om't se benaud binne foar wraakaksjes. De plysje sil no jûns en nachts patrûlearje yn it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)