Gearkomste oer nije spoarline

17 nov 2010 - 10:36

Nije wike tiisdei is der op It Hearrenfean in gearkomste oer de spoarline fan It Hearrenfean nei Grins. De jûn wurdt organisearre troch de provinsje Fryslân en de gemeente.

Se dogge dit om ynwenners te ynformearjen oer de stân fan saken en de prosedueres. Der wurdt ûndersyk dien nei de helberens fan de spoarline. Dy line moat betelle wurde út it kompensaasjejild dat frijkaam, doe't besletten waard dat de Suderseeline net trochgie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)