Gearkomste bestjoer SC Hearrenfean giet sneon net troch

09 okt 2015 - 21:01

De oandielhâldersgearkomste fan Sportklup Hearrenfean giet sneon net troch. De gearkomste is útsteld. De santjin bestjoerders fan de klup soene sneontemoarn byelkoar komme om te praten oer de situaasje by de klup. It stichtingsbestjoer soe ûnder oare prate oer it ûntslach fan Van der Wiel.

Van der Wiel krige freed in mail mei it boadskip dat de gearkomste net trochgiet. "Tien maanden geleden wilden ze me al ontslaan en nu een dag voor die mededeling mailen ze weer af. Ik vind dit onmenselijk." Sa seit Van der Wiel.

Yn de mail stiet dat de gearkomste net trochgiet "gezien de recentelijke ontwikkelingen." It is net dúdlik oft en wannear der opnij in oandielhâldersgearkomste pland wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)