Gearfoegjen fan netwurken Ziggo en UPC smyt problemen op

09 apr 2015 - 10:29
  • In kwart fan de kabelabonnees hat muoite om guon tv-stjoerders werom te finen...

De gearfoeging fan de netwurken fan kabelbedriuwen Ziggo en UPC smyt ek yn Fryslân problemen op. Dat docht bliken út ûndersyk fan it konsumintebûn ûnder klanten fan de kabelaars. De bedriuwen sille fuseare. Dêrom binne se yn jannewaris begûn mei iit gelyklûken fan alle sinjalen. Mar sûnt de omsetting blykt in kwart fan de klanten problemen te hawwen mei it ûntfangen fan guon telefyzjestjoerders.

Sa sitte der blokjes en strepen yn it byld. Neffens in wurdfierder fan Ziggo falt it tal klachten ta en wurde de problemen mei faasje oanpakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)