'Gea komt tasizzings net nei'

08 okt 2009 - 07:57
  • Bûtendyks fee net feilich

Boer Piet Osinga fan Marrum fynt dat it Fryske Gea de tasizzings oer de feiligens fan it fee bûtendyks by it Noarderleech net nei komt. Dat die woansdeitejûn bliken by in oerlis yn Marrum tusken it Fryske Gea en de boeren dy't fee yn it bûtendykse lân hawwe te rinnen.

Neffens Osinga wurket de amtlike mûne by it Gea te traach en soe der net genôch jild wêze om alle maatregels mooglik te meitsjen. Neffens Osinga binne der genôch goedkeape oplossings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)