Gea: guozzen net fergasse

29 aug 2008 - 11:43

It_Fryske_Gea sjocht ôf fan it plan om guozzen te fergassen. It Gea docht dat fanwege it kommintaar dat de organisaasje krige op it foarnimmen om yn de Alde Feanen 300 guozzen te fangen en te fergassen.

It kommintaar gie benammen oer de metoade dy´t it Gea brûke woe foar it ôfmeitsjen fan de guozzen. Neffens direkteur Ultsje Hosper hienen in soad klagers gjin beswier tsjin it deameitsjen, mar wol tsjin it brûken fan gas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)