Gea ferliest leden nei ferbod

17 feb 2010 - 12:24
  • Gea fynt ledeferlies in grutte klap

It Fryske_Gea is goed 100 leden kwytrekke nei it beslút op it ferbod op aaisykjen yn har natuergebieten. It beslút waard yn desimber nommen om de rêst fan de greidefûgels sa min mooglik te fersteuren.

It ledeferlies is neffens it Gea 'in grutte klap'. Dochs bliuwt de organisaasje achter har beslút stean. It aaisykferbod hat twa nije leden en inkelde reaksjes fan ynstimming opsmiten. It Fryske Gea hat noch goed 22.000 leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)