GB2000 grutste partij B'him

03 mrt 2010 - 22:51

Gemeentebelangen 2000 is as de grutte winner fan de ferkiezings yn Boarnsterhim. De partij krige 1757 stimmen en komt dêrmei út op 4 sitten yn de gemeenteried. De PvdA is no de twadde partij fan de gemeente mei 1312 stimmen en 3 sitten.

De FNP hâldt trije sitten, it CDA 2, de VVD 2. Nijkommers D66 en GrienLinks komme ek yn de ried mei respektivelik 2 sitten en ien sit. De opkomst fan Boarnsterhim wie mei 53 % mar leafst 14 % leger as yn 2006.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)