GB H'fean krijt alwer in tik

02 jan 2014 - 22:05
  • Tjeerd van der Zwan

Gemeentebelangen Hearrenfean hat by de earste riedsgearkomste fan de nije ried fuortdaliks wer in tik op de fingers krigen fan boargemaster Van der Zwan. Twa kandidaat-riedsleden fan dy partij hawwe al foar de ynstallaasje har sit opjûn. Dêrby joegen beide oan by in fakatuere wol wer yn de ried plaknimme te wollen.

Neffens de boargemaster tinke se dêrmei te licht oer it amt fan riedslid. Hy warskôge de folsleine ried it wurk serieus te nimmen. Elk dy't himsels kandidaat stelt moat dat dwaan mei de bedoeling ek yn de ried plak te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)