Gaypride net alle jierren

02 okt 2009 - 14:32

Ljouwert moat net alle jierren meidwaan oan de Gaypride yn Amsterdam. Dat fine boargemaster en wethâlders. De gemeente die ferline jier mei it Ljouwerter skûtsje mei oan de boattocht troch de Amsterdamske grêften om sa de homo-emansipaasje te stypjen.

Dat hat in goede saak west, sizze boargemaster en wethâlders. Ljouwert hat dêr op positive wize de oandacht mei lutsen. Mar alle jierren soe te djoer wêze, neffens B en W.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)