Gauster op fernielerspaad

14 apr 2009 - 09:50

In 23-jierrige ynwenner fan Gau is yn de nacht nei tiisdei yn Snits oanholden foar fernielerij. De plysje krige de melding dat der in rút fan in hoarekasaak fernield wie.

It die bliken dat earder op 'e jûn trije jonges ferfelend west hiene yn de saak. Doe't se fuort giene, hie ien fan de jonges in rútsje ynslein. In tsjûge hie dat sjoen en de plysje belle. Dy koe de man oanhâlde. Hy is oerbrocht nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)