Gau nije PvdA-wethâlder SWF

08 jul 2011 - 15:33
  • Wethâlder moat nije PvdA-gesicht wurde

Noch foar de folgende riedsfergadering moat der in nije wethâlder fûn wurde foar Súdwest-Fryslân. Dat seit fraksjefoarsitter Tolsma fan de PvdA SWF. Freed waard offisjeel bekend makke dat de hjoeddeiske wethâlder Andries Ekhart de oerstap makket nei de gemeente Ljouwert.

De opfolger fan Ekhart moat tagelyk ek it nije gesicht wurde fan de PvdA yn SWF en de beëage listlûker foar de folgjende ferkiezings, sa seit Tolsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)