'Gau nij gemaal by Lauwersmar'

20 jan 2012 - 16:14
  • De Lauwersmar

Wetterskip Fryslân wol de plannen foar in nij gemaal by de Lauwersmar mei faasje trochsette. It wetterskip hopet it businesscaseplan foar it gemaal yn febrewaris presintearje te kinnen. It gemaal is neffens dykgraaf Van Erkelens nedich, omdat Fryslân foar 70 % op de Lauwersmar ôfwettert. Ekstra spuikapasiteit by de Ofslútdyk, dêr't it ryk op ynset, helpt foar Fryslân ûnfoldwaande.

Van Erkelens die de útspraken nei ôfrin fan in debat oer it wetterskip op hegeskoalle NHL yn Ljouwert

VVD-Twadde Keamerlid Betty de Boer út Grins is noch net oertsjoege fan de needsaak fan in nij gemaal. De kosten foar it nije gemaal wurde rûsd op 150 oant 180 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)