'Gau breedbân nei NE-Fryslân'

06 okt 2013 - 10:27
  • www

It is wichtich foar de takomst fan Noardeast-Fryslân dat der breedbân-ynternet komt. Dat is de útkomst fan in trijedaags forum, yn it ramt fan it projekt Vital Rural Area. Dat is in Europeesk projekt, dêr't plattelânsgebieten om de Noardsee hinne oan meidogge. Fryske jongeren dy't krekt ôfstudearre binne lûke faak nei de Rânestêd ta omdat de foarsjennings dêr better binne.

De oanlis fan fluch ynternet is dêrom wichtich. Grutte kabelbedriuwen wolle lykwols lang net altyd ynvestearje yn tinbefolke gebieten.

Oerheden en bedriuwen moatte mear mei-inoar gearwurkje om te befoarderjen dat der gau fluch ynternet komt op it plattelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)