'Gau beslisse oer Coopmanshûs'

05 des 2003 - 00:00

It ferhúzjen fan museum It Coopmanshûs nei it monumintale Martenahûs yn Frjentsjer sil in race tsjin de klok wurde. Dat hat it kolleezje fan B&W fan Frjentsjerteradiel útsocht. Foar 1 april takom jier moat dúdlik wurde oft de ferhuzing trochgean kin.

Dat is needsaak, want foar dizze datum moat de hier opsein wurde foar it Cartesius-ynstitút, dat no noch yn it Martenahûs sit. Oars wurdt har kontrakt ferlingd oant 1 oktober 2005.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)