Gatten gefaarlik foar kuierder

26 des 2011 - 12:18

Steatsboskbehear op Flylân freget eigners fan hûnen om der op ta te sjen dat de bisten gjin gatten grave yn kuierpaden op it eilan. It komt neffens Steatsboskbehear geregeld foar dat minsken stroffelje oer sa'n gat, foaral yn de tsjustere wintermoannen. De hûne-eigners wurde frege gatten dy't de hûnen grave sels ticht te smiten. Eventueel kin ek Steatsboskbehear ynskeakele wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)