Gatsjes folje sûnder te boarjen

11 maaie 2004 - 00:00

De Snitsers Ype Brandsma en Eeltsje Ritsema iepenje tiisdei in bysûndere toskepraktyk yn Amsterdam. Yn harren klinyk wurde minsken mei gatsjes holpen sûnder dat der in boar oan te pas komt. De gatsjes wurde mei ozon behannele en groeie dêrnei fansels ticht.

De behanneling is bedoeld foar bern en minsken dy't benaud binne foar de tsokedokter. De ozontoskklinyk is de earste yn Nederlân. Yn Ingelân is de ozonbehanneling al folle gongberder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)