Gat yn Simmerwei Burgum

23 jul 2010 - 12:22

It wetterskip lit op dit stuit in gat meitsje, dat tongersdei ûnstien is yn de Simmerwei by Burgum. Troch it springen fan in rioelperslieding is sân ûnder de dyk weispield. Dêrtroch is it asfalt skansearre rekke.

It wetterskip is dwaande de lieding te meitsjen. It giet om in âlde asbest-semintlieding. De lieding wie yn earste ynstânsje al makke, mar begûn letter opnij te lekken. It wetterskip tinkt de hiele dei noch nedich te hawwen om de lieding te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)