Gat fan 2 miljoen foar rotonde

17 maaie 2006 - 10:13

Snits, Smellingerlân en Hearrenfean moatte byspringe yn de finansiering fan de oanpassing fan de rotonde yn de A7. Skarsterlân fynt dat, omdat de hiele A7-sône meiprofiteart.

Der is in gat fan twa miljoen euro foar de oanpassingen dy't mei inoar 15 miljoen kostsje. Foar in bettere trochstreaming binne in fly-over en in by-pass nedich. Skarsterlân betellet 1 miljoen mei, 10 miljoen komt fan it ryk en twa miljoen fan de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)