"Gaswolk REC wie gefaarlik foar sûnens"

12 des 2014 - 12:35
  • REC ôffaloven

Op 29 septimber kaam in grutte gaswolk út de REC-ôffaloven yn Harns. Dy wolk wie gefaarlik foar de sûnens fan minsk en bist. Dat seit aksjegroep Afvaloven Nee. De wolk soarge oer in lingte fan 5 kilometer oan de eastkant fan Harns foar oerlêst, seit de aksjegroep.

Sa soene by in pikeboer yn Pitersbierrum 60.000 hinnen problemen krigen hawwe mei it sykheljen. Neffens de provinsje, dy't tasfersjoch hâldt op de REC, kloppet it ferhaal fan Afvaloven Nee net. Der wie op 29 septimber wol in steuring, mar gjin gefaarlike situaasje.

Trije minsken hawwe in melding dien fan stankoerlêst en by alle trije binne mjittings dien. Derút die bliken dat der gjin skealike stoffen yn de lucht sieten. Ek by de gemeente binne gjin klachten binnen kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)