'Gaswinputten NAM feilich'

13 sep 2007 - 23:08
  • ûndersyk docht bliken dat dizze ramp (2005) feroarsake is troch flaters yn de organisaasje

De gasproduksjelokaasjes fan de NAM yn Fryslân binne feilich. Dat seit de NAM nei oanlieding fan it ûndersyk nei in deadlik ûngelok twa jier lyn by de winlokaasje yn Warffum.

De putten yn Fryslân binne net te fergelykjen mei dy by Warffum. Dêr barste in gastank út elkoar by reparaasjewurk. Twa minsken kamen om. Ut ûndersyk docht bliken dat de ramp feroarsake is troch flaters yn de organisaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)