'Gaswinningsjûn net sa sinfol'

07 des 2009 - 11:45
  • Gefolgen fan gaswinning binne dreech hiel krekt yn te skatten

Ynwenners fan Hjerbeam en Frjentsjer moatte net tefolle ferwachtsje fan de ynringearkomste fan woansdei oer de gaswinning. Dat seit yngenieur Adriaan Houtenbos. De grûndelgong by Frjentsjer is 28 sentimeter en de gaswinning is dêrom stillein.

De gemeente Frjentsjerteradiel wol de bewenners dêr mear ynformaasje oer jaan, mar Houtenbos tinkt dat der op de wichtichste fragen gjin antwurd komt, omdat der gjin echte eksperts komme op it mêd fan grûndelgong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)