Gaswinning Waadsee yn 2007 los

05 apr 2006 - 10:49

De gaswinning ûnder de Waadsee kin al yn jannewaris 2007 begjinne. Dat makke minister Brinkhorst fan Ekonomyske Saken moandei bekend op in byienkomst mei Fryske en Grinslanner steateleden.

De minister sei fierder ta dat wannear't der skea ûntstiet troch de gaswinning dizze stopset wurdt. Mocht dat gebeure dan hat it gjin gefolchen foar de 800 miljoen euro dy't it Ryk yn it Waadfûns stoart. It jild yn it fûns mei brûkt wurde foar natuerûntwikkeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)