Gaswinning net oersaak delgong

24 apr 2003 - 00:00

De boaiemdelgong yn Grou en omkriten komt net troch de gaswinning. Dat is de konklúzje fan in ûndersyk fan TNO. De daling soe komme troch in slappe boaiem yn kombinaasje mei in legere grûnwetterstân.

Undertusken is der aardich wat skea oan hûzen yn Grou en omkriten. De eigners wolle in skeafergoeding fan gaswinningsbedriuw Elf Petroland. Se binne net bliid mei de útkomst fan it ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)