Gas(t)vrij Terschelling hat 50.000 hantekeningen binnen

10 aug 2015 - 15:02
  • Poster tsjin gasboarrings op Skylge

De feriening Gas(t)vrij Terschelling hat 50.000 hantekeningen binnen yn it protest tsjin de gasboarrings op en by it eilân. De feriening is bliid mei dit hege oantal, mei om't it lobbywurk om de boarrings te kearen nije wike wer begjint. Dan komt it regear werom fan fakânsje. In mearderheid fan de Twadde Keamer spruts him earder út tsjin de boarrings troch Tulip Oil.

Minister Henk Kamp hat dêrnei tasein dat de boarrings net earder wer oan 'e oarder komme as hy klear is mei de nije mynbouwet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)