Gastles Amerikaanske keatser

02 jan 2007 - 10:25

De Amerikaanske muorrekeatser William_Polanco jout tongersdei yn sporthal De_Trije yn Frjentsjer in demonstraasje. Polanco waard ferline jier wrâldkampioen op it ûnderdiel 'one wall' en is no op toer yn Europa. De Amearikaan krijt help fan leden fan it Keatsbûn. Muorrekeatsen jout benammen ynternasjonaal mooglikheden. It wurdt ûnder oare spile yn Spanje, België, Frankryk en Súd-Amerika.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)