Gasten krije rûnlieding yn nij ûnderkommen Keatsmuseum

29 jan 2015 - 16:47
  • De gasten besjogge it nije ûnderkommen fan it Keatsmuseum
  • It keatsmuseum komt oan de Foarstrjitte yn Frjentsjer

It Keatsmuseum yn Frjentsjer hat tongersdeitemiddei foar it earst de doarren fan it nije ûnderkommen oan de Foarstrjitte iepene. Noch net foar besikers, mar foar in lytse groep gasten, dy't efkes rûnsjen mochten yn it eardere bankgebou.

It Keatsmuseum moast twongen ferhúzje en is sûnt tiisdei eigener fan it gebou dêr't net allinnich it museum yn komt, mar ek in dokumintaasjesintrum en opslach. Der moat noch in soad barre om der in museum fan te meitsjen. As alles goed giet, wurdt it museum ein july iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)