Gasten fan McDonald's Drachten oanhâlden foar wangedrach

12 okt 2015 - 09:58

De plysje hat sneintejûn by de McDonalds yn Drachten meardere minsken in proses-ferbaal jûn. Sy smieten ûnder oare ôffal út de auto. Guon fan harren makken tefolle ûnnedich leven mei de auto. It gong om útlaten dy't tefolle leven meitsje. Yn totaal krigen fiif minsken in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)