Gastâlderburo Frl. net oernaam

19 des 2012 - 14:54

De gearwurking tusken Gastouderbureau Friesland en Gastouderland fan Culemborg giet net troch. Gastouderland seit dat se net goed ynljochte binne oer de skulden dy't Gastouderbureau Friesland hat. Dy soene folle grutter wêze.

Gastouderland hie wol €25.000 euro oermakke nei it Fryske buro om alfêst wat skulden ôf te lossen. Oft dat dien is, is net bekend, mar dat jild binne se no kwyt. De brânzje-organisaasje Kinderopvang hat bekend makke dat it Gastouderbureau Friesland royeard is.

Gemeente Smellingerlân wol noch net reageare. Se wolle earst in ynspeksjerapport ôfwachtsje fan de GGD, dat yn 'e rin fan 'e wike ferwachte wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)