Gasput Moddergat yn jannewaris

21 des 2011 - 11:48

De NAM boarret ein jannewaris by Moddergat in nije gasput foar gaswinning ûnder de Waadsee. It boarwurk duorret oant juny. De earste taridings binne klear. Heal jannewaris wurdt begûn mei it opbouwen fan de boartoer. De nije put wurdt rjocht nei ûnderen boarre nei in djipte fan hast fjouwer kilometer.

By Moddergat wint de NAM al sûnt 2007 út twa putten gas. De gasmaatskippij ferwachtet mei in tredde put gauwer mear gas út de Waadseeboaiem te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)