Gaslieding Kimswert útgroeven

10 sep 2012 - 12:48
  • Gaslek Kimswerd

De gaslieding by Kimswert dêr't ôfrûne sneon in grut gaslek yn siet wurdt dizze wike folslein útgroeven. De Gasuny wol sa in byld krije fan hoe grut it probleem krekt is. In boer wie ôfrûne wykein yn in stik lân oan De Streek, krekt bûten it doarp, dwaande mei graafwurksumheden doe't er in haadlieding fan de Gasuny rekke.

Sa'n 50.000 kúb gas spuite de loft yn, goed foar in jier gasferbrûk fan 35 húshâldings. Neffens de boer lei de buis in stik heger as tocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)