Gaslek yn Stiens

13 sep 2002 - 00:00

Tsientallen minsken fan de Olympushof yn Stiens moasten tongersdeitejûn har hûs ferlitte, om't der in grut gaslek wie. De plysje krige om eefkes foar tsienen in melding binnen dat der in gaslek wie en hat de buert lyk ôfset.

It gas wie op 20 meter ôfstân te rûken. It probleem wie nei in oere ferholpen. In bewenner tinkt dat er by graafwurk- sumheden de gaslieding rekke hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)