Gaslek yn Snits

25 nov 2008 - 13:00

Yn Snits ûntstie tiisdei om goed 11 oere in gaslek. By wurksumheden waard in gaslieding rekke yn de Havenzijstraat. It Grootzand waard ôfsletten foar it ferkear en de wenningen yn de steech waarden ûntromme. Fjouwer minsken moasten opfongen wurde op it gemeentehûs.

Mei man en macht is besocht it lek te tichtsjen, mar pas om twa oere slagge dat. Der sil no ûndersocht wurde hoe't it krekt gebeure koe dat de gaslieding rekke waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)