Gaslek yn Snits

06 mrt 2004 - 00:00

In gaslek hat Snits freedtejûn yn de besnijing hâlden. Oan it ein fan de middei waard op de Lemsterwei in gaslucht rûkt. De brânwacht sette foar de wissichheid de dyk ôf en begûn te sykjen nei it lek.

Pas om tolve oere nachts waard dat fûn yn in ôftakking nei in wenhûs. It sykjen duorre sa lang om't ûnder de strjitte socht wurde moast. Der is ûnder oare in rioelkamera brûkt. It is al it 2e gaslek yn in healjier yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)