Gaslek yn Snits

19 feb 2013 - 11:11

Yn de Gonggrijpstrjitte yn Snits is tiisdeitemoarn in ierdgaslek fûn. It lek is ûntstien doe't der in nij boarterstastel pleatst waard. It giet om in lyts lek.

Monteurs fan Enexis binne dwaande it gat te tichtsjen, dêrnei wurdt in stik fan de lieding ferfongen. De brânwacht is yntusken wer werom nei de kazerne om't der gjin gefaar is. Troch it lek sitte twa of trije klanten in oere sûnder gas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)