Gaslek yn Drachten

10 des 2010 - 20:16

In frachtwein hat freedtemoarn yn Drachten foar in gaslek soarge. By it fuortriden ried de frachtwein in grien kastke om. Hjirtroch kaam der in skuorke yn ien fan de buizen fan it gas-koppelstasjon wêrtroch der in soad gas lekte.

De plysje hat de Steven oant en mei de krusing fan de Boeg ôfsletten foar ferkear. Ek moast it personiel fan in bedriuw yn de buert evakueard wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)