Gaslek yn Drachten

12 jun 2003 - 00:00

Fanwege it gaslek yn Drachten moasten tongersdeitemoarn twa skoallen en in tal wenten yn 'e wyk De Wiken ûntromme wurde. It lek ûntstie troch wurk oan it rioel. Ek in âldereinflat moast ûntromme wurde. De bewenners waarden salang ûnderbrocht yn it gemeentehûs. De skoalbern fermakken har salang yn it spikerdoarp. Yn 'e rin fan 'e moarn wie de skea hersteld en koene de bewenners werom nei harren hûs ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)