Gaslek yn Bûtenpost

10 okt 2014 - 13:46
  • Gaslek yn Bûtenpost

Fjouwer minsken binne tongersdeitemiddei evakuearre út harren portyk-wenten oan de Troelstraleane yn Bûtenpost. By wurksumheden wie in gaslieding rekke. Omdat it in grut lek wie en hûndert meter fierderop ek noch in middelbere skoalle stiet, waard ek de brânwacht oproppen.

De brânwacht smiet sân op de lekkaazje en spuite wetter op it ûntsnappende gas om it sa op te lossen. Doe't de netwurkbehearder de gasoanfier tichtdraaid hie, koe de brânwacht werom nei de kazerne. De minsken dy't út harren huzen moasten, binne opfongen op de skoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)