Gaslek yn Burgum

10 maaie 2004 - 00:00

By de Raadhuisweg yn Burgum hat moandei in gaslek west. Brânwacht en meiwurkers fan enerzjybedriuw Eneco ha it lek yn de haadgaslieding ticht makke. Fanwegen de feilichheid hat it gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel ûntromme west. De brânwacht hie de provinsjale dyk tusken Quatrebras oant de Garypsterhoeke ôfsletten foar ferkear.

Heiwurksemheden by it gemeentehûs wienen de oarsaak fan it gaslek. In grûnboar hie de haadlieding rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)