Gaslek troch gersmeanmasine

23 sep 2009 - 09:30

In gersmeanmasine hat woansdeitemoarn op de dyk tusken Wâldsein en Balk foar in gaslek soarge. De bestjoerder ried oer it kastke fan de gasôfsluting yn de berm. Neffens enerzjymaatskippij Enexis wie it in hegedrukgaslieding. Dêrtroch spuite it gas derút.

Ien wenning sit troch it ûngelok sûnder gas. De brânwacht hie in part fan de dyk ôfset. Meiwurkers fan Enexis ha it lek wer tichtmakke. De ferwachting is dat de bewenners oan de ein fan de moarn it gas brûke kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)