Gaslek troch boartsjende bern

27 jan 2011 - 10:05

It gaslek fan woansdeitemiddei yn de berm fan de provinsjale dyk troch Jutryp is feroarsake troch boartsjende bern. By it graven fan in kûle hawwe se in gaslieding rekke. Dêrnei moasten trije húshâldings it hûs út fanwege eksploazjegefaar.

De dyk waard foar hast twa oeren ôfsletten. Omdat de paralleldyk opknapt wurdt, waard ynearsten oannaam dat it lek troch dy wurksumheden ûntstien wie. Monteurs fan Enexis hawwe it lek tichtmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)