Gaslek set streek troch feest

10 okt 2013 - 16:28

De feestlike iepening fan de basisskoalle 'De Twamêster' yn Wergea gie tongersdeitemiddei net trochgien fanwege in gaslek. Yn maaie fan dit jier waard op it plak fan it âlde gebou begongen mei de nijbou. Dizze wike waard it heechste punt fan it nije gebou berikt en wie it tiid foar feest, mar dat waard it net.

Tongersdeitemoarn moast de skoalle ûntromme wurde, omdat der in gaslek fûn waard. Dy siet yn de gaslieding dy't ûnder de tydlike needlokalen rint. Enexis hat de lieding ôfsletten, mar út foarsoarch moasten de bern it gebou út.

Freed is de skoalle wer gewoan iepen. In nije datum foar it feest moat noch prikt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)