Gaslek Ljouwert wer oer

13 okt 2011 - 16:09
  • Gaslek yn Bilgaard (foto: Robertjan Boonstra)

De problemen yn Bilgaard yn Ljouwert troch in gaslek binne foarby. Earder tongersdeitemiddei moasten de helptsjinsten útrukke om't yn in leechsteand skoalgebou oan de Eeskwerd in sterke gaslucht rûkt waard. Enexis kaam om it gas ôf te sluten.

Ut foarsoarch waard basisskoalle Aquamarijn oan de oare kant fan de dyk ûntromme. Ek wie in stik dyk ôfsletten. Neffens de plysje is it gaslek ûntstien trochdat dieven koperen liedingen stellen ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)