Gaskraan iepenset: ûntromming

29 apr 2011 - 10:39

Op 'e De Westereen binne tongersdei huzen ûnromme nei't de bewenster fan ien dêrfan de gaskraan iepenset hie. De frou makke in oerspannen yndruk. De plysje woe har meinimme nei it buro. Mar ûnderweis waard se net goed en is se mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

Om it gas derút te krijen hat de brânwacht de gaskraan tichtdraaid en de ruten iepenset. De oare bewenners fan de Yndustrywei koene dêrnei werom nei hûs ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)