Gasjild yn winregio besteegje

23 mrt 2012 - 09:39
  • Gaswinning

De opbringsten út gaswinning moatte bestege wurde yn de regio dêr't dat gas út de grûn helle wurdt. Dat is de strekking fan ien fan de moasjes dy't de FNP freed yntsjinnet by it EFA-kongres. EFA stiet foar European Free Alliance.

De FNP is oant 25 maart gasthear fan politisy dy't út hiel Europa nei Fryslân komme foar dat kongres. De 155 dielnimmers fan de 36 lidorganisaasjes fan de EFA fertsjintwurdigje kultueren en regio's út achttjin EU-lidsteaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)